-
Firtuele gearkomst
14 maaie, 15:00 oere UTC
Gesichten fan MozFest: Frijwilliger foar it fuotljocht
Us Gesichten fan MozFest-searje is fan doel it geweldige wurk sjen te litten dat leden fan de MozFest-mienskip it hiele jier troch dogge. Doch mei ús mei oan in diskusje wylst wy dûke yn wat it betsjut om frijwilliger te wêzen by MozFest en hoe’t se helpe sille om MozFest House Amsterdam ta libben te bringen.
-
Firtuele gearkomst
21 maaie, 18:00 oere UTC
Worlds of Hello: logopedy better meitsje foar elkenien
Dogge wy genôch om gelikense kânsen foar elkenien te bieden? Untdek hoe’t ‘Worlds of Hello‘ swarte bern en har famyljes helpt mei logopedy troch technology te brûken om it learen oan te passen oan de ûnderskate behoeften fan elk bern. Dit petear is perfekt foar elkenien dy’t ynteressearre is yn hoe’t wy soargje kinne dat technology mear ynklusyf is. Reagearje om mei te dwaan oan dizze diskusje.
15 jier Mozilla Festival, en wy binne noch mar krekt begûn.
Mozilla Festival is wêr't hertstochtlike yndividuën harren ferienigje om in better ynternet te bouwen.
Oft jo no keunst meitsje, koade skriuwe, programmearje, of scrôlje mei soarch oer de digitale takomst – jo binne op it goede plak. Us misje is om it ynternet in better, feiliger en earliker plak te meitsjen foar elkenien en no mear as ea is jo stim krúsjaal.
It weromheljen fan it ynternet begjint by ús, en by Mozilla Festiva hawwe jo ideeën de krêft om echte ynfloed te meitsjen. Doch mei oan de beweging om de takomst fan it ynternet foar it goede te foarmjen.
60.000+
dielnimmers
2500+
sesjes
145+
lannen
100K+
kopkes kofje
It ynternet is in wrâldwide publike helpboarne dy´t iepen en tagonklik bliuwe moat.
IT MOZILLA-MANIFEST
Doch mei oan Mozilla Festival op Discord
Doch it hiele jier troch mei oan ferskate wrâldwide bewegingen, wurkje gear oan betroubere AI en nim diel oan eksklusive eveneminten.
-
Ienichheid
Tegearre sille wy yn solidariteit stean, en ús wrâldwide ynspanningen brûke om feroaring op lokaal nivo te stimulearjen.
-
Kânsen en oerfloed
Tegearre steane wy op tsjin ûnearlike behanneling yn ús mienskippen en oer de hiele wrâld.
-
Kollektyf wolwêzen
Tegearre herfoarmje wy belied, ark en ekonomyske ynfrastruktuer, en herskriuwen wy de regels foar AI.
Sesjefoarbylden
Keapje jo Early Bird-tickets
€55
Mienskipspas
Dit kaartsje wurdt subsidiearre troch Mozilla en stipe troch oankeapen fan Ynstellingsassen dy’t soargje foar dielname fan de mienskip, wylst finansjele barriêren ferminderje. Mienskipsassen jouwe jo folsleine tagong ta MozFest House Amsterdam fan 11 - 13 juny.
- Krij tagong ta boeiende sesjes, workshops, en ús flaggeskip Dialogen en Debatten.
- Fersekerje jo fan in plak by ús Songs of the Living-ûnderfining.
- Ferken in ferskaat oan keunstynstallaasjes en eksposysjes.
- Wês op 11 juny by ús bjusterbaarlike wolkomsfeest.
De ticketpriis is ynklusyf 21% btw.
€150
Early Bird-festivalpas
Festivalpassen jouwe jo folsleine tagong ta MozFest House Amsterdam fan 11-13 juny. Besparje € 50 troch it Early Bird-kaartsje te keapjen.
- Krij tagong ta boeiende sesjes, workshops, en ús flaggeskip Dialogen en Debatten.
- Fersekerje jo fan in plak by ús Songs of the Living-ûnderfining.
- Ferken in ferskaat oan keunstynstallaasjes en eksposysjes.
- Wês op 11 juny by ús bjusterbaarlike wolkomsfeest.
De priis is ynklusyf 21% btw.
Besparje 20%
€250+
Ynstellingspas
Ynstellingspassen binne betelje-wat-jo-winske-kaartsjes dy’t jo folsleine tagong jouwe ta MozFest House Amsterdam, wylst se ek Mienskipspassen subsidiearje, en garandearje tagonklikens foar elkenien, wylst finansjele barriêren beheine.
- Krij tagong ta boeiende sesjes, workshops, en ús flaggeskip Dialogen en Debatten.
- Fersekerje jo fan in plak by ús Songs of the Living-ûnderfining.
- Ferken in ferskaat oan keunstynstallaasjes en eksposysjes.
- Wês op 11 juny by ús bjusterbaarlike wolkomsfeest.
- Untfang in útnûging foar ús Sponsorresepsje bywenne troch oare ynstellingen en Mozilla-bestjoerders.
De priis is ynklusyf 21% btw. De minimale bydrage is €250,-.
-
Wurd frijwilliger by Mozilla Festival
Krij fergees tagong ta MozFest House Amsterdam troch wat fan jo tiid op te offerjen.
-
Firtueel fasilitearje
Lit jo wurk en mienskip groeie mei de firtuele gearkomsten fan MozFest.
-
Wurd in Wrangler
Wy binne op syk nei pasjonearre persoanen dy’t helpe wolle takomstige MozFest-hûzen helpe te ûntwerpen.